MoskenMosken bestiet út Bert Steeman, Sjoerd van Kammen, Jelte Rijpkema, Ronald van den Oudenalder en Joop Visser . Fiif musikanten mei in soad ûnderfining yn de fryske popscéne.
Fjouwer jier lyn hat Mosken meidien oan Liet, tegearre mei celliste Femke de Vries. Liet wie in impulsive aksje, mar it smakke nei mear. It ôfrûne jier is Mosken drok dwaande west mei it skriuwen fan muzyk: Sjoerd de muzyk en Bert de ferhalen. En der sit noch in soad yn it fêt. Frystalige muzyk, dyt net makkelyk yn in hoekje te pleatsen is. De eigensinnige manier fan sjongen fan Bert Steeman, begelied troch dan wer piano, dan wer ukelele of gitaar, soarchet foar in ferskaad oan sfearen wêr Mosken it publyk yn mei nimme wol. De ferskes ‘Els en Wim‘ en ‘De Keneginne fan Tsjalberd’ binne regelmjittich draait by de Omrop. Mar it is 'life' wêr de band it beste oant syn rjocht komt.